Regleminten
Foar sawol de wedstriid as de toertocht hat it bestjoer regleminten fêststeld. De regleminten dy’t jo op dizze site fine, binne ûnder foarbehâld fan wizigings.
Wedstriidreglemint
Maratonriders fan de Topdivyzje yn de Essent Cup en sechtich maratonriders fan de 1e divyzje dy’t yn it besit binne fan in foar dat seizoen jildige KNSB-lisinsje meie meidwaan oan de wedstriid. Boppedat moatte hja fansels lid wêze fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden.
Foar de wedstriid fan de froulju jildt dat hja meidwaan meie as sy op de meast resinte list fan de seksje maraton fan de KNSB steane, mits se op it momint fan de tocht 75% fan de troch it lanlik seksjebestjoer maraton organisearre wedstriden riden hawwe.
It wedstriidreglemint kinne jo hjir iepenje (pdf-dokumint).
Tochtreglemint
Foar de toertocht jildt it Tochtreglemint. Njonken de regels oer de dielname fine jo hjir ek ynformaasje oer bygelyks de slutingstiden fan de stimpelposten. De dielnimmers ride de Alvestêdetocht op eigen risiko. It reedridersmateriaal moat tiptop yn oarder wêze en de redens goed ynriden.
It Tochtreglemint kinne jo hjir iepenje (pdf-dokumint).