Kommersje
De Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden organisearret de Alvestêdetocht sûnder sponsoaren of kommersjele aktiviteiten. De tocht wurdt folslein troch frijwilligers organisearre en is in unyk barren yn Fryslân en yn Nederlân. It entûsjasme fan alle frijwilligers en de ûntspannen sfear hawwe dêr in grut oanpart yn. Troch de kommersje bûten de doar te hâlden wol de Feriening dat sa hâlde.
Wol kin de Feriening beslute om oanbeane help, tsjinsten of materialen dy’t de dielnimmers of de organisaasje te’n goede komme, oan te nimmen. De Feriening stelt dêrby lykwols al in oantal betingsten:
- It oanbod wurdt net dien út kommersjeel eachpunt, de oanbieder behellet gjin direkt saaklik gewin út it oanbieden fan de produkten, help of tsjinsten;
- de rezjy bliuwt by de Feriening, lykas it beslút om wol of net op it oanbod yn te gean;
- de bydragen moatte in sinfolle oanfolling wêze foar de organisaasje;
- it oanbeane mei net de yndruk jaan dat it ûnderdiel is fan de Feriening of de organisaasje;
- it brûken fan it byldmerk fan de Feriening is net tastien;
- de Feriening makket gjin melding fan de beane help;
- der wurdt gjin eksklusyf rjocht ferliend;
- itjinge dat oanbean wurdt moat in mearwearde hawwe foar de dielnimmers;
- ien en oar moat altyd yn oerlis plakfine mei de Feriening en eventueel mei it oanbelangjende rayonhaad.
De Feriening soarget derfoar dat der op wichtige punten (saneamde ‘hotspots’) spesjale alvestêdedoeken hingje. Dit om kommersjele uteringen op dy lokaasjes foar te kommen. Op it iis wurde allinne talitten:
- dielnimmers oan de tocht en wedstriid;
- in stikmannich meiwurkers fan de Feriening;
- inkele media dy’t dêrfoar útdruklik tastimming krigen ha fan de Feriening.
De Feriening stiet net ta dat hokker organisaasje, bedriuw of ynstânsje dan ek yn uteringen de suggestje opropt dat de organisaasje of it produkt op hokker wize dan ek oan de Alvestêdetocht of de organisaasje dêrfan ferbûn is. It brûken fan de namme en it byldmerk fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden (krúske) is strang ferbean.
Wolle jo mear witte oer it belied fan de Feriening op it mêd fan kommersje of it brûken fan it krúske dan kinne jo kontakt opnimme mei de Feriening.