Organisaasje
It bestjoer fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden bestiet út njoggen leden en is ferantwurdlik foar alles wat der binnen de Feriening bart en foar de organisaasje fan de wedstriid en de toertocht. Bestjoersleden wurde yn de Algemiene Ledegearkomste keazen of wer keazen foar in perioade fan trije jier. Persoanen fan santich jier of âlder binne reglemintêr net mear te kiezen of wer te kiezen. As de ALG yn 2015 akkoart giet mei de wiziging fan de statuten wurde de bestjoersleden keazen of wer keazen foar in perioade fan fjouwer jier en wurdt de maksimale sittingsdoer tweintich jier (foar bestjoersleden dy’t keazen binne fóár 2014) of sechtjin jier foar bestjoersleden dy’t derby kommen binne nei 2014).
It bestjoer fan de Feriening bestiet út de folgjende persoanen:
Namme | Funksje |
Dhr. W. Wieling | Foarsitter |
Dhr. H. Dijkstra | Sekretaris |
Dhr. O. de Jager | Ponghâlder |
Dhr. S. Prins | Iissaken |
Mefr. I. Jonkman | Kommunikaasje, publisiteit en húsfesting |
Mefr. O. Mulder | Feilichheid, ferbinings en ferfier |
Dhr. W. Kimsma | Technyske saken en materiaalbehear |
Dhr. H.P. van der Werf | Wedstriid- en tochtlieding |
Dhr. J.S. de Graaf | Medyske begelieding |
Amtlik sekretaris is mefr. N.E. Eerligh
De rayonhaden
De rûte fan de tocht is yndield yn 22 rayons. Yn alle rayons fertsjintwurdiget it rayonhaad de Feriening. De rayonhaden binne ferantwurdlik foar de trochgong fan de tocht troch harren rayon. Alle rayonhaden wurde stipe troch in assistint-rayonhaad.
De wichtichste taken fan it rayonhaad binne:
- De iisberjochten trochjaan oan it bestjoer fan de Feriening.
- It meitsjen fan klúnfoarsjennings.
- It oerlis mei de pleatslike oerheid.
- De soarch foar in feilige iisrûte.
- De kontrôle fan tocht- en wedstriidriders.
- It melden fan de trochkomst fan de kopgroep fan de wedstriidriders.
- It soargjen foar in feilige passaazje by it publyk lâns.
Op dit stuit binne der de folgjende (assistint-)rayonhaden:
rayon | (assistint-)rayonhaden |
Start Swettehaven | W. Bosch, P. Oele (assistint) |
Rayon Swette | E. Rodenhuis, K. Abma en R. Haagsma (assistinten) |
Rayon Dille | P. de Hoop, P. Siksma (assistint) |
Rayon Snits | J. Hoogland, R. Cnossen (assistint) |
Rayon Drylts | J.K. van der Woude, H. van der Zee (assistint) |
Rayon Wâldsein | C.J. Nagelhout en A.F. Nagelhout (assistint) |
Rayon Sleat | C. Schotanus en G. Stegenga (assistint) |
Rayon Balk | M. Dijkstra en A.B. Hylkema (assistint) |
Rayon Galamadammen | D.N. Flapper |
Rayon Starum | P. Visser en mefr. M. Bouma (assistint) |
Rayon Hylpen | W. Kelderhuis en J. Zweed (assistint) |
Rayon Warkum | Th. J. Beuker en S.A. Westra (assistint) |
Rayon Boalsert | S. la Roi en W. Minnema (assistint) |
Rayon Wytmarsum | B. de Vries, H. van der Wetering (assistint) |
Rayon Harns | J. Bergmans, S. Krol (assistint) |
Rayon Frjentsjer | Y.T. Koopmans en U. Noordenbos (assistint) |
Rayon Wier | J. Runia |
Rayon Froubuert | P.J. Faber en A. de Jong (assistint) |
Rayon Alde Leie | H. Siegersma en mefr. J. Broersma (assistint) |
Rayon Bartlehiem | H. van Althuis en F. Kloosterman (assistint) |
Rayon Burdaard | J.K. Tigchelaar en D.H. Brouwer (assistint) |
Rayon Dokkum | G.J.M. Tigchelaar en K. Jellema (assistint) |
Finish Ljouwert | W. Bosch en Sj. Veenstra (assistint finish) |