Menu

Lid wurde

Eltsenien fan 18 jier en âlder, dy’t goed reedride kin en fan wa’t ferwachte wurde mei dat hy of sy de tocht ek werklik útrydt, kin lid wurde fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. De riderskwaliteiten fan it kandidaat-lid moatte troch twa leden fan de Feriening yn in reedridersbetûftensferklearring ûnderskreaun wurde.

It bestjoer ûndersiket op dit stuit oft alle leden by in earstkommende Alvestêdetocht starte kinne. Mocht it nije belied te realisearjen wêze, dan jildt dat allinne foar leden dy’t foar 1 juny 2014 lid wiene fan de Feriening. Oanmeldings nei dy datum wurde op in wachtlist pleatst en streame yn op iepenfallende plakken yn it ledebestân.

Klik hjir om it oanmeldingsformulier del te laden.

Yn dit bestân sitte de folgjende dokuminten:

  • wolkomstbrief
  • oanmeldingsformulier
  • trochrinnende SEPA-machtiging (automatyske ynkasso)
  • reedridersbetûftensferklearring

Jo kinne de formulieren útprintsje, ynfolje en mei in resinte pasfoto oer de post ferstjoere nei:

Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden
Postbus 569
8901 BJ Ljouwert

By it ûntbrekken fan ien fan de neamde dokuminten (dus ek de pasfoto) wurde jo net ynskreaun. Fansels bringe wy jo dêrfan op de hichte en wurde jo noch yn de gelegenheid steld om de ûntbrekkende stikken nei ús op te stjoeren.

Ha jo fierder noch fragen oer it lidmaatskip of de oanmeldingsproseduere, dan kinne jo in mail stjoere nei info@defriescheelfsteden.frl ûnder fermelding fan ‘oanmelding lidmaatskip’.

 

Kontribúsje

De kontribúsje wurdt alle jierren yn oktober ynbard. De kontribúsje is:

Foar leden mei startrjocht€ 12,50
Foar leden mei startkâns€ 12,50
Foar net-ridende leden€ 6,00
Nije leden betelje ien kear administraasjekosten fan € 11,35.
Terug naar boven