Menu

Prizen en it krúske

It alvestêdekrúske

Alle dielnimmers dy’t binnen de stelde tiid* de wedstriid of de tocht folbringe en alle stimpels garre ha, ûntfange it fel begearde alvestêdekrúske.

It krúske is ûntwurpen yn 1909. It bestiet út in medalje yn de foarm fan in Maltezer krús mei yn de midden in sirkelfoarm. Yn dizze sirkel sit, yn emalje, it wapen fan Fryslân. Yn it opskrift stiet ‘De Friesche Elf Steden’.

Yn 2009 hat de Feriening it predikaat Keninklik krigen en is it krúske oanpast, dat ek it keninklik kroantsje sichtber is. Dizze keninklike krúskes wurde pas útrikt nei de earstfolgjende tocht.

De ôfbylding fan it alvestêdekrúske, it logo, de flagge en de namme (Koninklijke) Vereniging De Friesche Elf Steden binne beskerme en meie net sûnder tastimming fan de Feriening troch tredden brûkt of eksploitearre wurde.

 

Prizen wedstriid

Njonken it krúske is der foar de alve earst oankommende mannen en de fiif earst oankommende froulju teffens in medalje. It oantal prizen foar de froulike wedstriidriders is lytser omdat it oantal froulike dielnimmers oan de wedstriid leger is as it oantal manlike dielnimmers.

De winner by de manlju ûntfangt boppedat de Pim Mulier-wikselpriis: in grutte sulveren skaal. De winner by de froulju kriget twa wikselprizen: in sulveren bokaal en ek in sulveren wikselbeker. Sawol de manlike as de froulike winner kriget in krânse.

De namme fan sawol de manlike as dy fan de froulike winner wurdt ek gravearre yn it byld De Alvestêderider, dat foar de Elfstedenhal yn Ljouwert stiet. De útrikking fan de prizen fynt plak yn Ljouwert by de huldiging oan de ein fan de middei fan de dei dat de tocht ferriden wurdt. Alle medaljes en wikselprizen, bestimd foar de priiswinners fan de earstfolgjende Alvestêdetocht, binne tentoansteld yn it museum De Fryske Winter. Dit museum is ûnderbrocht yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits.

 

* Allinne wedstriidriders (-riidsters) mei in maksimale oerskrieding fan 20% fan de riidtiid fan de winner/winneres komme yn oanmerking foar in alvestêdekrúske. Toertochtriders (-riidsters) moatte foar 00.00 oere oankomme yn Ljouwert.

Terug naar boven