Menu

De Feriening

De Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden hat as doel it befoarderjen fan it reedriden as sport en it organisearjen fan de Alvestêdetocht op redens yn it bysûnder, as it mooglik is alle jierren.

De Feriening bestiet út in bestjoer fan njoggen persoanen en hat goed 30.000 leden. Alle jierren organisearret it bestjoer, yn de mande mei de rayonhaden, assistint-rayonhaden en in oantal fan de grutte mannichte oan frijwilligers, de Alvestêdetocht. Oft de tocht úteinlik al as net werklik ferriden wurde kin hinget ôf fan it waar. Foar in Alvestêdetocht is in iisflier fan 15 sintimeter oer de hiele rûte nedich.

De leden fan de Feriening komme alle jierren byelkoar op de twadde sneon fan desimber op de Algemiene Ledegearkomste.

Terug naar boven