Home » Nieuws » Artikel Vera Mulder fan De Correspondent: De Elfstedentocht gaat door!

Artikel Vera Mulder fan De Correspondent: De Elfstedentocht gaat door!

Datum: 04-03-2025

 

Vera Mulder fan De Correspondent makket in searje ferhalen oer de tradysjes dy't Nederlanners ferbine, en de ôftraap fan dy searje is in ferhaal oer hoe't de Alvestêdetocht, foar in soad minsken it hichtepunt fan Nederlânske skiednis en tradysje, tagelyk tige mist wurdt en dochs libben hâlden wurdt troch de ynset en dreamen fan tûzenen minsken.

Yn jannewaris wie Vera yn Fryslân om te sjen hoe't wy as feriening dwaande binne mei de skiednis, it no en de takomst fan de tocht. Se hat mei eigen eagen en earen ûntdutsen wêrom krekt dizze tocht sa'n mytyske status krigen hat, en dat hat dit prachtige artikel opsmiten.

"Minsken dy't harren tiid, jild en enerzjy stekke yn in evenemint dat al tritich jier net trochgiet. Dêr kinst grappich oer dwaan. Do soest net de ienige wêze. Mar as je foarby dat sinisme sjogge, falt der (in soad) hope út te heljen. Kinst dy foarstelle wat der bart as it ea echt wer Oan giet. As it wetter, dat oars in grins foarmet, ynienen in wei wurdt."

Bron: De Elfstedentocht gaat door! - De Correspondent

Alle nieuwsberichten
Login leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram