Home » Schaatsverhalen »
Stuwing op het ijs
Hiel bysûnder dat ús mem, Anny van Dijk-Bajema, samar yn in Polygoon journaal foarby kaam. Dit wie neffens my yn 2012. Se is de frou mei de wite trui en hat de tocht yn 1963 oant Bartlehiem ta riden. Doe begûn de stuwing en koe se net troch, myn suske moast oan it boarst. Yn 1956 is se de ‘eerst aangekomen tochtrijdster.’ Heit en mem ha ferskeidene Alvestêdetochten útriden. Tige grutsk! Ik ha ‘m sels yn 1986 en 1997 riden. Suske Anny yn 1997.