Us foarsitter Wiebe Wieling skriuwt dit jier de tekst fan it Grut Frysk Diktee. Op tiisdei 8 april is de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert wer it toaniel foar it Grut Frysk Diktee.
Us foarsitter fynt it in eare dat er frege is om it Grut Frysk Diktee te skriuwen. In ûnderwerp kieze wie net dreech foar Wieling: “Yn 1997 wie de lêste Alvestêdetocht. Hast tritich jier lyn. Wat is der feroare? Kin it noch wol? Dêr sille wy it oer ha.”
Bron: Omrop Fryslân