Ûnderskiedingen
Bysûndere earebewizen
J.D. de Jong-penning
ferstoarne, bestjoerslid J.D. de Jong. De penning kin takind wurde oan elk dy't him op in bysûndere wize fertsjinstlik makke hat foar de organisaasje fan de Alvestêdetocht .
Yn de Algemiene Ledegearkomste fan 17 desimber 2004 rikte foarsitter Henk Kroes twa J.D. de Jong-Penningen út, oan Jaap de Jong en Arie Smit. Beide hearen hawwe har gâns jierren enoarm ynset foar de feriening. Jaap de Jong wie boekhâlder fan de feriening fan 1986–2004. Arie Smit is sûnt 1986 meiwurker ledenadministraasje en is noch altyd aktyf foar de feriening.
De J.D. de Jong-Penning waard dêrfoar foar it lêst útrikt op 18 desimber 1997 oan mefrou Aaf Huisman. Sy soarge der fan 1971–1997 foar dat alle jierren de EHBU-organisaasje stand-by wie. Sy krige de J.D. de Jong-Penning om har te earjen foar har enoarme ynset by de lêste trije Alvestêdetochten. Fia har giet de eare lykwols ek nei alle meiwurkers fan de EHBU en fan it Reade Krús dy’t by de organisaasje belutsen wiene. Earder ûntfongen mefrou Annie de Jong-Zondervan silger, de hear Jeen van den Berg silger, mefrou Hilda Murk-de Jong silger en de hear Sijtse Sikkens silger in J.D. de Jong-Penning.
Brevetten
Sporters dy't de Alvestêdetocht op ’e reed, op ’e fyts en op ‘e foet op reglemintre wize folbrocht hawwe, kinne in Alvestêdebrevet krije om dit prachtige feit fêst te lizzen. De tochten hoege net yn itselde jier folbrocht te wêzen. As jo al de trije tochten folbrocht hawwe, kinne jo hjir in brevet oanfreegje. De útrikking fan de brevetten is jierliks yn april/maaie. It brevet waard yn 1987 foar it earst útrikt en dêrnei is dit alle jierren op feestlike wize bard. Yn 2005 waard it 1000ste brevet útrikt.
It Alvestêdekrúske en miniatuer-útfiering
It Alvestêdekrúske is opnommen yn it register ûnderskiedingen Nederlânske Partikuliere Organisaasjes. Dit betsjut dat it krúske in offisjele ûnderskieding is. Sa’n 3.500 leden hawwe dizze ûnderskieding oanfrege en ûntfongen. Dêrby is ek besletten in miniatuerfersiersel foar galajurk, cocktailjurk, rokkostúm en smoking oan te bieden. Dit draachinsinje koe besteld wurde yn 2013 en 2014. Op dit stuit wurde der gjin nije oanfragen mear yn behanneling nommen. Wol kinne jo kenber meitsje fia elfstedenkruis@defriescheelfsteden.nl dat jo ferlet hawwe fan it draachinsinje. It bestjoer hâldt it tal belangstellenden yn ‘e gaten en beslút op in beskaat stuit oft sy noch in folgjende bestelronde ynsette. De ferstrekking per lid is ienmalich; ferlies of stellerij wurdt konform belied net kompinsearre. Ek wurde lint en draaginsignes net postúm ferstrekt. By de 16de (en folgjende) tocht(en) ûntfange alle registrearre útriders ek in draachinsinje en in oarkonde (dus njonken it krúske mei lint).