Tocht van 1947
De tocht dy't tekene waard troch ekstreme kjeld en fraude fan dielnimmers op 'e rûte.
Eins fûn foarsitter Hepkema de Alvestêdetocht fanwege de tastân fan it iis ûnferantwurde, mar de mearderheid fan it bestjoer hie ynstimd en mei de wurden ‘It sil heve’ gie de tocht fan start rjochting Snits.
De wedstriid
De kopgroep ried goed troch oant krekt nei Warkum. De feart fan Parregea bliek oer de lêste kilometer ûnberydber te wêzen. Troch de doarpsbewenners waard in part fan de riders mei hânkarren en fytsen oer hast in kilometer ferfierd. Nei Parregea kamen Joop Bosman en Klaas Schipper op foarsprong. It part tusken Grauwe Kat en Harns wie foar in grut part bedutsen troch snieferstowingen, de riders koene de eagen amper iepen hâlde. Alle lijen soe noch neat lykje by de 45 kilometer yn it poallânskip nei Dokkum dat no folge. Reedride wie troch stosnie en tûken op it iis praktysk ûnmooglik wurden, ekstra waarm wie dêrtroch de ûntfangst yn Dokkum mei muzyk, waarme poeiermolke en sinesappels.
In tal hûnderten meters foar de einstreek spile him noch in lyts drama ôf. Schipper hie in foarsprong opboud, mar doe't der in stik net mear begeanber wie oer it iis stiene der keardels mei in hânkarre klear om de 50 meter fia wâl te oerbrêgjen. Allinnich wachten se ek oant Bosman op de karre siet. Doe't Schipper wer op it iis stie stroffele hy oer in strútsje, wêrtroch't Bosman sûnder problemen de einstreek passearre. Bosman krige de grutte lauwurkakten om en it publyk jubele him ta. In pear oeren letter waard der, nei beried fan it bestjoer, besletten (noch) gjin prizen út te rikken foardat de legio protesten oer fraude en ûnsportive hannelingen fan sawol de wedstriid as toerriders behannele wiene.
Fraude
Bosman en Schipper waarden ûnder oare beskuldige fan it reedriden yn it kylwetter fan in jeep. Nei ûndersyk die bliken dat der troch ferskate dielnimmers fraudearre wie troch koartere ôfstannen ôf te lizzen of sels parten yn taksys, mei de trein of op'e fyts te reizgjen. Der is troch it bestjoer in soad ûndersyk dien, mar it bliek in lestige saak. Goed fiif wiken nei de wedstriid foel op 16 maart 1947 de beslissing. De earste fjouwer plakken waarden ferdield en alle oare riders dy’t foar 18:21 oer de einstreek gien wiene krigen in Alvestêdekrúske mei dêrop ‘wedstriid 1947’. Goud gie nei de yn tiid as fiifde oankommen blommekweker Jan Willem van der Hoorn.