1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Alle edysjes fan de Alvestêdetocht
1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Swipe troch de edysjes en klik op ien foar mear ynfo
Home » Histoarje » Tocht fan 1997

Tocht fan 1997

Swiere tocht, Henk Angenent en Klasina Seinstra it snelst op de Bonkefeart.

Tongersdeitemoarn 2 jannewaris 1997 spruts foarsitter Henk Kroes de ferlossende wurden ‘It giet oan’ út. Tusken de oankundiging en de tiid fan de start waard der op tal fan fronten ferskuorrende hurd oan de rûte wurke om alle obstakels út de wei te heljen. It bestjoer, rayonhaden en tûzenen frijwilligers wurken oan in goede en foaral feilige iisflier. Der waarden dizze tocht ek foar it earst kearstekken ynset om de taskôgers op drokke plakken fan it iis te hâlden.

De wedstriid

Fan de start ôf hiene de dielnimmers te krijen mei de swiere eleminten fan de natuer. Benammen it tsjuster wie in útdaging. Fjirtich kilometer nei de start, yn Sleat, wie der al in goed úttinne kopgroep. Yn Boalsert, healwei it parkoers, fierde in kopgroep fan tolve riders it peloton oan. Sy hiene fiif minuten foarsprong op in achterfolgjende groep. Nei Harns waarden de omstannichheden swierder. De hel fan it Noarden soe de riders in soad enerzjy kostje. In sterke tsjinwyn op de lytse fearten frege in soad fakmanskip om steande te bliuwen. Om en om waarden der pleagerijen útdield en waard der út de kopgroep sprint. De krêften waarden lykwols mei syn seizen bondele om Dokkum tsjin de wyn yn ‘mei de turbo derop’ berikke te kinnen. It fjoerwurk soe pas mei de wyn fan Aldtsjerk ôf folgje. Nei de oanfallen wie it alle kearen Angenent dy't de ûntstiene gatsjes tichtsje moast. Der bleaune fiif grutmasters oer dy't foar it goud stride soene, dy makken der in lange sprint fan. Mei in 'jump' fan Angenent op de lêste tsien meter, glied er mei in meter foarsprong op Erik Hulzebosch as earste oer de finisj.

Underwilens wie der ûnder de froulju ek in fûle striid op it iis geande. Klasina Seinstra en Gretha Smit berikten om en om as earste in stimpelpost yn Sleat en Starum. Tusken Boalsert en Harns kamen de twa hoantsen yn in grut en langrekt peloton telâne. Fan dat stuit ôf holden se inoar allegeduerigen yn ‘e gaten. It waard in einspurt op de Bonkefeart wêrby't Seinstra de wichtichste wedstriid fan it jier en fan har libben wûn.

Elfstedentocht 1997 (makker: Anne de Ruiter)
Elfstedentocht 1997
Elfstedentocht in Sneek 1929-1997 (kompilaasje Pitrik)
Alle fideo's binne beskikber stelt troch it Fries Film Archief
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram