1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Alle edysjes fan de Alvestêdetocht
1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Swipe troch de edysjes en klik op ien foar mear ynfo
Home » Histoarje » Tocht fan 1986

Tocht fan 1986

862 froulju en de Nederlânske kroanprins oan de start, Evert van Benthem wint foar de twadde kear op rige.

De Alvestêdetocht wie noch nea sa let yn de tiid riden. Mear as 17.000 dielnimmers stiene oan de start fan de fjirtjinde tocht op 26 febrewaris. Kroanprins Willem-Alexander ried de tocht ûnder de skûlnamme W.A. van Buren. By de finisj waard er opwachte troch syn grutske âlden.

De wedstriid

De start fan de wedstriid ferrûn perfekt. De kopploech ried yn heech tempo troch nei Snits. Yn Snits passearren Jan Jonker en Evert van Benthem as nûmer 1 en 3. Letter soene sy de wedstriid nei harren hân sette. Krekt foar Starum ûntsnapten Hans Bouma, Wout de Vries, Marten Hoekstra en Jan Kooiman. Yn Hylpen hiene se in foarsprong fan fjouwer minuten te pakken en yn Boalsert wie dit troch it kopwurk fan Kooiman goed fiif minuten. Net lang nei Boalsert sette Van Benthem de oanfal yn, wêrby't in grut part fan it peloton him folge. Yn Harns waard de ôfstân mei de kopgroep rap lytser. Flak foar Frjentsjer sleat ûnder oare Van Benthem en Jonker him oan by de kopgroep, dy't fan dat momint ôf út 10 riders bestie. Tusken Frjentsjer en Berltsum naam Van Benthem de kopposysje. De oare njoggen riders bleaune wachtsjen wêrtroch't Van Benthem in foarsprong krige. Jonker wie it dy't de efterfolging ynsette. By Bartlehiem hie Van Benthem 50 sekonden foarsprong. Jonker heakke him by Sibrandahûs ta oan Van Benthem. Flak foar Dokkum sette Jonker in demarraazje yn en pakte de kopposysje. Al gau kaam Van Benthem wer by Jonker. Troch in skuor yn it iis foel Jonker, mar by de brêge by de Dokkumer Ie wist er Van Benthem wer te passearjen en stimpele er as earste yn Dokkum. By Bartlehiem rekkene fan Benthem ôf mei Jonker. In tuskensprint soarge foar in efterstân fan Jonker dy't er net mear ynhelje koe. Van Benthem waard krekt as it foarige jier winner fan de Alvestêdetocht. Jonker folge nei 1 minút en 7 sekonden. It tredde plak wie foar Robert Kamperman.

Tineke Dijkshoorn-Olsthoorn wie de earste frou dy't de finisj helje koe.

Elfstedentocht 1986 (makker: Anne de Ruiter, mei super 8 camera)
Elfstedentochten 1986
Elfstedentocht in Sneek 1929-1997 (kompilaasje Pitrik)
Alle fideo's binne beskikber stelt troch it Fries Film Archief
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram