Tocht fan 1985
Yn taai waar ferriden tocht dy't goed ferrûn is ûnder grutte oandacht fan de media.
Nei 22 jier wachtsjen waard der op moandeitejûn 18 febrewaris yn it NOS-sjoernaal meidield dat de Alvestêdetocht dy tongersdei plakfine soe. Sprakeleas wiene in soad, benammen yn Fryslân, omdat der dy middeis noch op de foarside fan de Ljouwerter krante mei grutte letters stien hie: “DOOI VERDRIJFT ELFSTEDENTOCHT!”. Hiel Nederlân libbe dan ek tusken hope en eangst, de dagen dêrnei. Mar it gong troch en noch foar fiven waarden de knoppen fan it telefyzjetastel yndrukt om mar neat te missen. Net-leden hiene der al hiel wat foar oer ha moatten. Hja moasten oeren yn 'e kâlde nacht wachtsje foar de ynskriuwingskantoaren.
It wie te tankjen oan de treflike tarieding dat dit evenemint yn in sa koart tiidsbestek organisearre wurde koe. Under lieding fan foarsitter Jan Kuperus wie de organisaasje yn de ôfrûne jierren tige profesjonalisearre mei in draaiboek dat alle jierren bywurke waard.
De wedstriid
Nei in 'koaistart' fol mei 276 startende wedstriidriders wie it 1.500 meter draven foar de dielnimmers. It iis wie al by de start mei in laachje wetter bedutsen. By dielnimmers ûntstie de eangst dat se te betiid fan it iis helle wurde soene, wêrtroch't it tempo fan de start ôf heech lei. Dit laachje wetter makke it iis ek nochris glêd wêrtroch't der hege snelheden helle wurde koene en út en troch in wiete reed.
De earste 100 kilometer ried der in kopgroep fan fyftich favoriten en wie der net folle spanning yn de wedstriid. Nei Harns ried der in kopgroep fan tolve ‘de hel fan it Noarden’ yn. Fan Burdaard ôf ûntsnapten Evert van Benthem en Jan Kooiman. Der wiene noch twa riders by, wêrnei't de sterke kopgroep fan fjouwer dúdlik wie. By Aldtsjerk, acht kilometer foar de finisj, wie de foarsprong in lytse trije minuten. It wie dúdlik, de winner fan dizze 13e edysje soe út dit fjouwertal komme. Op de Bonkefeart begûn in taktysk stekspul dêr't de eagen op elkoar rjochte wiene. Nei sprintpogingen oer en wer wie it Evert van Benthem dy't mei in fraksje fan in sekonde de fierder nochal saaie en ynisjatyfleaze striid besliste. Hy ferpolvere it eardere rekôr fan Jeen van den Berg mei hast fyftich minuten!