Tocht fan 1963
De zwaartste tocht uit de Friesche Elfstedentocht historie
De tolfde edysje fan de Alvestêdetocht is de meast besprutsen tocht fan de skiednis. De barre waarsomstannichheden mei hurde wyn, stosnie en lege temperatueren, soargen mei de minne kwaliteit fan it iis foar de swierste Alvestêdetocht ea. Noch gjin 1 % fan de dielnimmers wist de finisj te heljen. De radio en telefyzje út Nederlân én Dútslân diene ferslach fan dizze Alvestêdetocht.
De wedstriid
De banen wiene fan de start ôf al tige smel. Dit betsjutte dat de reedriders lange tiid efter inoar oanride moasten. Nei de earste 10 kilometer ûntstie der in kopgroep fan sa'n fjirtich riders. Yn Snits heakken de earste riders ôf. By Sleat wiene de ôffallers al net mear te tellen. De measten foelen ôf mei beferzen eagen. Oant Starum ta bleau de grutte kopgroep sa goed as by elkoar. By Hylpen wie de groep úttinne nei 23 riders. Op de Iselmar rjochting Warkum dielde de debutant Paping de earste klap út. Hy boude in foarsprong fan 100 meter op. Nei Warkum iepene er de oanfal troch rappe demaraazjes, wêrtroch't de kopgroep útinoar foel yn lytse groepkes. Boalsert waard troch Paping, Van den Berg, Verhoeven en Uitham as earste passearre. Tusken Skettens en Wytmarsum naam Paping allinnich de kopposysje. De foarsprong fan Paping wie yn Harns al twa minuten. Van den Berg hie de oare twa gean litte moatten, mar by Frjentsjer hie er se wer byhelle. Paping ried op 10 minuten foarsprong. Op de trijesprong Trijemolen krijt Paping in ynsinking mar wurdt er opfongen troch supporters oan de kant. Mei in waarme jas en in sûkeladereep waard er wer klearmakke foar it ferfolch. Underweis nei Dokkum moasten Van den Berg en Uitham Verhoeven efterlitte, dy't troch snieblinens oerfallen wie. Yn Dokkum wie de efterstân ta Paping noch mar 9 minuten. De lêste kilometers wiene swier foar Van den Berg en Uitham. Troch stipe fan it publyk wisten se stapfoets Ljouwert te heljen. Paping wie 20 minuten dêrfoar oer de finisj strompele.
Op de Grutte Wielen lâne folslein ûnferwachts in helikopter, mei Keninginne Juliana en prinses Beatrix. De diken yn Nederlân wiene ûnbegeanber wêrtroch't de telefyzjeploech nea op'e tiid de bannen mei wedstriidferslach yn Bussum krije koe. Keninginne Juliana bea de oplossing troch se mei te nimmen yn de helikopter nei Soesterberg en fanút dêr waarden se mei in koerier yn Bussum besoarge.