Tocht fan 1956
In tocht sûnder einwinner en gjin prizen
Mei in mearke-eftich effekt fan lichte sniefal sette dy moarn útein De Alvestêdetocht. De ferwachtingen wiene by it begjin heech mei grutte nammen oan 'e start. Fan Drylts ôf wie der in kopploech fan 30 man mei dêryn tal fan pommeranten út foarige edysjes. By it passearjen fan elk plak waard der nei favoryt Jeen van den Berg socht en frege: ‘sit er noch by de kopploech?’.
De wedstriid
Tusken Harns en Frjentsjer wie it iis min, wêrtroch't it mear rinnen waard sas reedriden. Yn ‘de hel fan it noarden’ moast de beslissing falle. In kopploech fan acht begûn, mar dêr foelen al gau riders fan ôf. Ek Jeen van den Berg hie al sûnt Boalsert ferskynsels fan wurgens en kie it tempo net mear byhâlde. Hy wiksele fan redens en sette nei fyftjin drege opstartminuten yn syn ientsje dochs de efterfolging yn.
Om ien oere wie al op de radio te hearren dat de fiif manlju fan de kopgroep net sprinte soene, mar mei-inoar oer de finisj hinne winsken te gean. Hjirtroch wist hiel Nederlân al fan it plan, útsein de Friesche Elfsteden Vereniging. Sy hiene it te drok om dit nijs op te pikken. Op de weromreis fan Dokkum nei Ljouwert passearre Van den Berg harren yn tsjinstelde rjochting al koart nei Dokkum. Hy hie earder protestearre op it plan tegearre oer de finisj te gean. De kopploech fersnelde dan ek skrokken it tempo.
By de Aldehou hie him in grutte mannichte taskôgers sammele, mar applaus en jûchhei klonk der amper doe't it fiiftal hân yn hân oer de finisj ried. Fuortdaalks ûntstiene der diskusjes. Soe der lotte wurde foar in winner sa't yn it wedstriidreglemint stie of waard de groep diskwalifisearre foar it hân yn hân (‘oplein’) riden? Nei it fiiftal kaam Van den Berg oer de finisj dy't as favoryt wol mei lûd ûnthaal ûntfongen waard. Even gie der rûn dat er as winner nei foaren komme soe, mar nei in moai skoft kaam it bestjoer mei it beslút: der soene diskear gjin prizen útrikt wurde.