Tocht fan 1954
Ideaal waar en geheime kontrôleposten op de rûte.
De tsiende Alvestêdetocht like op foarhân in swiere tocht te wurden troch de minne waarfoarsizzing. Elkenien dy't net yn goede lichaamlike kondysje wie, waard ôfret oan'e tocht mei te dwaan. It tal ynskriuwers kaam mei dêrtroch let op gong en helle it maksimum fan 5.000 toerriders lang net. It waar wie op de dei fan de wedstriid efterôf krekt poerbêst. Nei alle fraude yn 1947 waard besletten om stranger te kontrolearjen en waarden der 10 geheime kontrôleposten ynfierd.
De wedstriid
Nei in kolkjende start mei in soad publyk oan de kant waard Snits as earste troch Wierd Wijnia berikt. Mei heech tempo berikten de reedriders Drylts, Sleat en Starum. By Starum seagen se de kopgroep mei ûnder oare Wijnia, Zwart, Verhoven en Schipper by deiljocht oankommen. Nij dit jier wie it tal auto's mei dêryn begelieders en oare folgers dy't de foarhoede folgen.
De kopgroep wie yn Warkum útgroeid ta 21 reedriders. Yn Boalsert waard dit sels in groep fan 26 riders. Tusken Wytmarsum en Kimswert naam in groep fan seis riders de foarsprong: Jan Charisius, Aad de Koning, Anton Verhoeven, Jeen van den Berg, Jeen Nauta en Klaas Leffertstra. De foarsprong fan twa minuten yn Harns wie yn Froubuorren al útgroeid ta in dikke 11 minuten. Jeen van den Berg besocht by Bartlehiem om fuort te kommen fan de oaren. Dat gat waard gau tichtmakke troch de fiif oaren. Yn Dokkum wie de foarsprong fan de seis oant 20 minuten oprûn. De groep sette ôf op in nij rekôr. Leffertstra die in dappere poging yn de buert fan Wyns mei in tuskensprint. It duorre net lang en hy waard alwer byhelle en sels foarbyriden.
De fiif riders kamen foar in ferrassing te stean by de brêge justjes foar Ljouwert. Dy stie net iepen en yn ferbân mei de dikte fan it iis moast der klúnd wurde. De reedriders wiene efkes yn betizing. Jeen van den Berg oerseach it as earste en stie nei it klunen wer as earste op it iis. Tegearre mei Charisius en Verhoeven ried Van den Berg op in boerd mei ‘Finish’ ôf. It boerd hie in ûnderskrift mei ‘500 meter’. Dit hiene de riders net sjoen en se remden ôf. Van den Berg werstelde him as earste, sette de einsprint yn en kaam as earste oer de finisj mei in rekôrtiid fan 7 oeren en 35 minuten. Aaltje van Dellen wist as earste frou de finisj te heljen.