1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Alle edysjes fan de Alvestêdetocht
1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Swipe troch de edysjes en klik op ien foar mear ynfo
Home » Histoarje » Tocht fan 1941

Tocht fan 1941

Foar de lêste kear soe de rûte wer as earste oer Dokkum riden wurde

Auke Adema, troch sportsjoernalisten omskreaun as 'De kening fan de Fryske Alvestêdetochtriders' hie nei ôfrin fan de tocht yn 1940 as ideaal de earstfolgjende tocht te winnen en allinnich oer de finisjline te kommen. Hy fertelde it nei ôfrin lûdop oan elkenien dy't it mar hearre woe. Amper in jier letter krige Adema al de kâns om dit wier te meitsjen.

De wedstriid

Adema wie net ien fan de earsten dy't fuortgie. Yn tsjinstelling ta riders op noaren dy't streekrjocht út it hotel wei it iis op stapten, moast er syn Fryske redens ûnderbine en ferlear dêrmei kostbere minuten. Hy wie der hjirtroch net foarwei en fol betrouwen joech er ek noch syn reserveredens by de start ôf. De taktyk wie no om sa gau mooglik de kopposysje te pakken en fan dêrút in foarsprong op te bouwen.

Foar de lêste kear soe de rûte wer as earste oer Dokkum riden wurde. It stik Dokkum-Bartlehiem waard in wier slachfjild. De wedstriidriders en de tochtriders troffen inoar yn tsjinstelde rjochting. Nei frontale botsingen moasten dielnimmers it ferfolch fan de rûte stake. Adema wist troch in goed reaksjefermogen hast alle yn 'e mjitte kommende obstakels te mijen. Adema ried lang tegearre mei Joop Bosman en pas yn Warkum foegde him dêr in lyts groepke efterfolgers by. Adema en Bosman namen in rêstskoft, mar setten gau de efterfolging yn doe't se hearden dat it oare groepke dit net dien hie. Foar Hylpen wie de oansluting der alwer. Op de Sleattemermar slagge it Adema los te kommen fan de kopgroep. Yn Sleat wie syn foarsprong noch mar ien minút, yn Drylts en Snits wie dy al útgroeid ta sân minuten. Hy berikte lykas in jier earder útsprutsen yndied as earste en allinnich de finisj. De nûmers ien oant en mei acht waarden yn landauers, lutsen troch pluze Fryske hynders, nei De Harmonie brocht. Under it ritsje waarden se lûd oanmoedige troch it publyk dat lâns de rûte stie te wachtsjen.

 

Elfstedentochten 1917-1947 (filme troch: Willy Mullens)
Elfstedentochten 1933, 1940, 1941, 1942 (maker: M. E. Hepkema)
Restopnames Elfstedentochten, 1933, 1940, 1941, 1942
Elfstedentocht 1941 (Mr. M.E. Hepkema uit Leeuwarden)
Elfstedentocht 1941 (Gerrit Aalfs)
Elfstedentocht in Sneek 1929-1997 (kompilaasjePitrik)
Alle fideo's binne beskikber stelt troch it Fries Film Archief
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram