1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Alle edysjes fan de Alvestêdetocht
1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Swipe troch de edysjes en klik op ien foar mear ynfo
Home » Histoarje » Tocht fan 1940

Tocht fan 1940

Mear dan 3.000 dielnemers, mar 152 trochsetters hellen de finisj.

De Elfstedentocht in 1940 groeide uit naar duizenden schaatsers. Zeer lage temperaturen en een harde oostenwind weerhield de deelnemers niet om te starten. Vanuit de Harmonie en De Beurs liepen de deelnemers eerst 4 kilometer naar de start op De Zwette. Het ijs op de stadsgrachten was te zwak.

De wedstriid

Sûnder problemen berikten de measte reedriders Starum. Yn Snits hie de brânwachtkommandant de strjitte ûnder wetter set wêrtroch't je net hoegden te klunen en reedridend fierder koene. Kopgroep Jongert, Van der Duim, Westra, Keyzer, Adema en Geveke berikten as earste Starum. Jongert krige de earste stimpel. Fan Starum ôf hie de kopgroep de wyn fol yn it gesicht, wylst it noch 15 graden frear. Oant Tsjerkwert bleau dizze kopgroep de wedstriid behearskjen. Yn Frjentsjer wie de kopgroep úttinne oant fiif: Adema, Van der Duim, Jongert, Keyzer en Westra. Adema wûn de sprint nei de kontrôle. De kopgroep waard mei it Frysk Folksliet ûntfongen.

Fuort nei Frjentsjer waard it riden hast ûnmooglik troch de dikke laach snie op it iis. De barre kjeld, de snie en hurde wyn makken it in wiere martelgong troch de hel fan it noarden. Guon reedriders soene Dokkum dy dei net berikke. Yn herberch Drost oan de Dokkumer Vleesmarkt waarme de kopgroep fan fiif him wer op. Nei't se wer wat opwaarme wiene stelde Jongert foar om mei syn fiven oer de einstreek te gean. Yn 1933 waarden ek twa winners útroppen, dus dat soe gjin probleem wêze moatte. Troch it barre waar en de stosnie wie de baan nei Bartlehiem te smel wurden foar in echte wedstriid. Nei wat tsjinsin waard mei in hanneklap de ôfspraak beklonken. It pakt fan Dokkum waard berne.

Yn Ljouwert oankaam like der dochs in ein oan de solidariteit te kommen. Adema sette as earste de sprint yn en tocht as winner oer de streek te kommen. Trochdat it publyk manmachtich op it iis kaam, wist gjinien mear wêr't de einstreek wie en kamen ek de oaren yn'e knipe fan'e massa. Adema en Keyzer easken de winst fan de sprint op en Jongert claimde as earste stimpele te hawwen. It bestjoer rôp úteinlik de fiif riders út as winners.

Foar de toerriders waard besletten dat troch de barre waarsomstannichheden de finisj yn Wier lei. Wa't Wier helle hie, hie ek de Alvestêdetocht folbrocht. Mar fiif prosint fan alle riders helle Ljouwert.

Elfstedentochten 1917-1947 (filme troch: Willy Mullens)
Elfstedentochten 1933, 1940, 1941, 1942
Restopnames Elfstedentochten 1933, 1940, 1941, 1942
Elfstedentocht 1940 (Mr. M.E. Hepkema uit Leeuwarden)
Elfstedentocht in Sneek 1929-1997 (kompilaasje Pitrik)
Alle fideo's binne beskikber stelt troch it Fries Film Archief
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram