1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Alle edysjes fan de Alvestêdetocht
1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Swipe troch de edysjes en klik op ien foar mear ynfo
Home » Histoarje » Tocht fan 1933

Tocht fan 1933

Foar it earst waard de oare kant op riden mei Snits as earste stêd op de rûte.

It bestjoer hie dizze tocht twa grutte feroaringen troch te fieren. Sa waard der foar it earst de oare kant op riden mei Snits as earste stêd op de rûte. Ek de startlokaasje middenyn it sintrum fan Ljouwert wie net mear helber troch de minne iisdikte as gefolgen fan de opkommende elektrisiteit yn de stêd. De kar foel op de Boxumerdam, sa’n fjouwer kilometer bûten de stêd.

De wedstriid

De wedstriid foarsitter mr. Hepkema winske de riders flak foar de start sukses mei de wurden: 'Striid moedich en earlik'. Hiel Fryslân wie dy sneons de sechstjinde desimber optein. Noch nea wie de Alvestêdetocht sa betiid yn it winterseizoen hâlden. It waar wie hast ideaal: sawat wynstil en temperatueren om it friespunt hinne. Nei Sleat kaam der al wat sichtberens fan de koprinners yn de striid, al waarden der tusken Sleat en Starum ferskate rûtes keazen.

Yn Harns wie de organisaasje noch net betocht op de snelheid fan de riders en wie de kontrôlepost noch ûnbemanne. Troch persoanlike inisjativen fan in pear ynwenners koe dy hindernis nommen wurde. Yn de omjouwing fan Harns wie it iis yn minne kwaliteit en moasten strjitten rinnendewei ôflein wurde. Ek by de finisj wie de organisaasje noch net goed taret. Earder wie der altyd 1 koprinner dy't dúdlik foarop oankaam yn Ljouwert, mar diskear ried it keningskoppel Abe de Vries en Sipke Castelein fan Dokkum ôf tegearre foarop. 200 meter foar De Groene Weide waard troch in plysjeman mei in reed in streek oer it iis lutsen. De Vries ried dêr eargeleas as as earste oerhinne wylst se ôfpraat hiene tegearre oer de finisj te gean. Oer dy kwestje waard noch jierrenlang praat.

De Vries ried nei de finisj op de fyts earst gau werom nei de pleats flak ûnder Dronryp. De kij moasten noch molken wurde. By thúskomst frege de frou fan De Vries oft er de tocht wol útriden hie, dêr't it simpele antwurd ‘ja’ op wie, en ‘ik ha de wedstriid wûn’. Der moast dy middei gau molken wurde, want om 18.00 oere kaam de taksy om harren op te heljen foar de huldiging.

Elfstedentochten 1917-1947 (filme troch Willy Mullens)
Elfstedentochten 1933, 1940, 1941, 1942
Restopnames Elfstedentochten 1933, 1940, 1941, 1942
Elfstedentocht 1933 (Mr. M. E. Hepkema uit Leeuwarden)
Elfstedentocht in Sneek 1929-1997 (kompilaasjePitrik)
Alle fideo's binne beskikber stelt troch it Fries Film Archief
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram