Tocht fan 1929
Barre omstannichheden, fûle en snijende eastewyn, -18 oant -10 graden.
Nei tolve jier mocht der wer in Alvestêdetocht riden wurde. Der stiene goed 300 riders oan de start. Dit kear ûnder strieminne omstannichheden; in fûle en snijende eastewyn en mei -18 oant -10 graden in ekstreme kjeld. De knipepunten -lykas botsingen by Dokkum en it ferdwalen fan reedriders op de marren- soargen foar it wizigjen fan de rûte by in folgjende edysje.
De wedstriid
Nei de start berikten Cor Jongert en Nico Pronk as earsten de kontrôlepost yn Dokkum. Werom yn Ljouwert leine Jongert en Pronk mei fjouwer minuten foarsprong noch hieltyd oan kop. Nei Ljouwert gie it mis en waard troch in omlieding in ôfslach mist wêrtroch't it twatal in oantal kilometers ekstra ride. Frjentsjer seach Stienstra en Van Beekum as earste trochkommen; dizze foarsprong waard by Harns gau wer oernaam troch Jongert en Pronk. It trajekt Harns-Boalsert wie swier. Troch de hurde wyn wie der in laachje stosân op it iis kaam, wêrtroch't in soad minsken de redens slypje moasten yn Boalsert. De stân wie wilens sa: Sjouke Westra en Catharinus en Uiltje Stienstra wiene oan kop. Leemburg hie flink tempo makke en hie yn Warkum him by de kopgroep riden tegearre mei Westra en Uiltje Stienstra.
Flak nei Warkum foel de beslissende slach, Leemburg ried dêrtroch as earste Hylpen binnen. Troch de fûle wyn op de keale iisflakte fan de Fryske marren kaam Leemburg mei 14 minuten foarsprong Sleat binnen. Hy waard ferwolkomme mei in twatal salútskotten troch gemeentefjildwachter De Goede. Underweis nei Snits naam Leemburg de tiid om te posearjen foar de fotografen en in telegram nei syn frou te stjoeren. De foarsprong waard lytser en even nei Snits kaam Leemburg yn it fizier fan Jongert. It minne iis op de lêste kilometers like yn it foardiel fan Leemburg, dy't op Fryske redens ried. Under in steande ovaasje glied Leemburg oer de einstreek. Jongert kaam acht minuten letter binnen, folge troch Westra op 39 minuten.
Mar 49,5% fan de toerriders folbrocht de tocht. De Sibearyske kjeld hie in soad slachtoffers easke. Sa die bliken by thúskomst ek de tean fan Leemburg beferzen te wêzen, dy waard letter foar in part ammere.