1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Alle edysjes fan de Alvestêdetocht
1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Swipe troch de edysjes en klik op ien foar mear ynfo
Home » Histoarje » Tocht fan 1917

Tocht fan 1917

Moai winterwaar en bytiden giseljende wyn.

Foar de tredde kear binnen 9 jier waard it startskot foar in Alvestêdetocht lost en it tal dielnimmers wie omheech gien nei 153 riders. Fan harren wiene der 45 dy't meidiene oan de wedstriid en de oare 108 oan de tocht. De dei dêrfoar wie âld-wrâldkampioen reedrider Coen de Koning noch fan doel om troch te reizgjen nei de nasjonale kampioenskippen yn Veendam, mar doe die bliken dat konkurrint Jan Ferwerda wol meidie mei de tocht skreau ek De Koning him gau yn.

De wedstriid

It iis wie nettsjinsteande it geunstige winterwaar net sa bêst. Troch de hommels ynfallende froast yn kombinaasje mei hurde wyn wie it iis hobbelich wurden. Fuort nei de start naam De Koning it inisjatyf en soarge der mei syn flinke tempo foar dat de dielnimmers gau yn groepkes fersnippere waarden. De kopgroep dêr't er ûnderdiel fan wie, kaam tolve minuten oer seizen oan yn Dokkum. De Koning -begeastere fan de winst- die der ridend yn it tsjuster en mei lichte sniefal noch in skepke boppenop. Sjoerd Swierstra slagge der yn om lange tiid flak achter De Koning reedriden te bliuwen. De twa rieden folle flugger as yn 1912 en kamen de tiidkontroleurs yn Frjentsjer en Harns oer it mad. De folgjende stêden waarden warskôge foar de fluggere oankomst. Ek it tiidsferskil tusken de twa manlju rûn op. Yn Hylpen siet der al in kertier tusken.

Sleat stie bekend om syn goede snert en guon riders hiene it iten bewust útsteld. Se waarden teloarsteld, want it wie oarloch en der wie net folle te keap. As kompensaasje waarden der Fryske woarst en glêzen mei kloppe aaien útdield. Yn Sleat stiene der achttjin gidsen klear om de riders oer de Morra, de Fluessen en de Sleattemermar te loadsen. De gidsen hiene rêdingsmiddels en lantearnen by harren. Gjin oerstallige lúkse om it paad net bjuster te wurden. Om sân minuten foar trijen middeis wie it mei in grutte foarsprong dat De Koning triomfantlik Ljouwert binnenkaam mei syn gids Jan Poepjes, dy't him út Sleat wei bystien hie.

Janna van der Weg wie de earste froulike dielnimster fan 1917 dy't de finisj yn Ljouwert helle.

Elfstedentochten 1917-1947 (filme troch: Willy Mullens)
Alle fideo's binne beskikber stelt troch it Fries Film Archief
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram