Tocht fan 1912
Earste tocht mei wedstriid en toerridersen, ien frou as dielnimster.
De Alvestêdetocht fan 1912 wie al ferskate kearen útsteld, om de minne tastân fan it iis. Op 'e iere moarn fan 7 febrewaris waard troch in stimming fan 'e ynskriuwers it beslút nommen om te starten. Om 05.40 oere waard de wedstriid starte en 5 minuten letter folgen de toerriders.
De wedstriid
De tastân fan it iis bliek ta te fallen. De ôfstân Ljouwert-Dokkum-Ljouwert waard sels 22 minuten rapper riden as Hoekstra yn 1909. De kontrôlepost waard mist en de trije koprinners, De Koning, Ypma en Keizer waarden efternei draafd en krigen dochs noch harren stimpel. Keizer wie yn Frjentsjer koprinner, mar Harns seach De Koning as earste binnenriden. Yn Boalsert waard dúdlik dat de 'monarchen' (Keizer en De Koning) de earste helte behearske hiene. Jikke Gaastra, de iennige froulike dielnimster, waard yn De Doelen yn Boalsert ferwolkomme mei it Frysk Folksliet.
De Koning kaam yn Warkum mear dea as libben oan. It kontrôle-buro wie benaud dat er dêr stjerre soe. In glês waarme molke en in broadsje mei fleis moasten him der wer boppe-op helpe. Keizer woe wer fuort út Warkum, mar waard troch De Koning smeke om te wachtsjen. Troch dit sportive gebeart fergriemde Keizer in soad tiid. Yn Starum hie de Fries Ferwerda de beide koprinners ynhelle.
Direkt nei Sleat foel de beslissing. De Koning ûntsnapte op de Sleattemermar mei syn gids. Keizer hie in ynsinking mar De Koning wie net fan doel him oan te passen oan Keizer. Sa berikte De Koning as earste Drylts, folge troch Ferwerda en Keizer. Yn Snits wist Ferwerda earder fuort te gean as De Koning. Ferwerda foel by De Dille, de bekende iisherberch, healweis Snits-Ljouwert. Ferwerda joech de striid op en De Koning finisjte yn in nije rekôrtiid, op in kertier fan Ferwerda. Keizer waard úteinlik fjirde yn deselde tiid as nûmer trije Swierstra. Dy lêste twa rieden foar de wedstriid en waarden dêryn as nûmer ien en twa klassifisearre.