Tocht fan 1909
De dielnimmers begûnen harren tocht it tsjuster yn, mei as helpmiddel in karbid-lantearne
Mei de wurden “Nu dan, heren, een goede reis” begûn om krekt 20 minuten oer fiif oere moarns de earste offisjele Alvestêdetocht. Yn ‘e taspraak foarôf fan De Friesche IJsbond-foarsitter Hijlkema beneamt er dat de Alvestêdetocht in úthâldingsproef is en gjin wedstriid. Ek sprekt hy de hope út dat de Alvestêdetocht útgroeie sil ta in histoarysk barren.
De wedstriid
De dielnimmers begûnen harren tocht it tsjuster yn, mei as helpmiddel in karbid-lantearne oan in stôk. Alle dielnimmers hiene lange trijekleurige linten, yn de nasjonale kleur. De rûte begûn rjochting Dokkum. Op de tsjustere tocht oer de Dokkummer Ie moasten al in soad tûkelteammen yn it iis oerwûn wurde. Underweis fan Ljouwert nei Frjentsjer bruts it deiljocht troch. By de rûte del stiene taskôgers dy't har ôffregen oft it ferantwurde is om yn rein en teiwaar hast 200 kilometer te riden. Nei Frjentsjer wie it iis yn ‘fondant’ feroare. Fan in tal dielnimmers is sels bekend dat se hast de hiele ôfstân Frjentsjer-Harns-Boalsert rûn hawwe. Lokkigernôch wie der nei Boalsert in folle hurdere iisûnderlaach. Yn Snits hearden Minne Hoekstra en Gerlof van der Leij fia in telegram fan Starum út dat hja 25 minuten foarsprong opboud hiene, mar by it nimmen fan wat ekstra rêsttiid hie lutenant T. Rooseboom dizze efterstân rap ynhelle.
Tusken de trije manlju ûntstie der in diskusje oer de einstriid. Ideeën as in lotting of in tuskentiidske sprintwedstriid waarden ôfwiisd. It waard dus hurd riden oant de Ljouwerter kontrôle. Nei in falpartij fersnelde Hoekstra it tempo. De beide oaren heakken ôf. En sa kaam Hoekstra om tsien minuten oer sânen, droegen troch it publyk, as winner by hotel Amicitia oan. De kranten en wykblêden bestegen yn ferliking mei oare sporten in soad omtinken oan dizze earste Alvestêdetocht. De Telegraaf, de Nieuwe Rotterdamse Courant en it Algemeen Handelsblad kamen sels mei spesjale ferslachjouwers dy't ek parten fan de rûte meiriden. De eardere skeptisy wiene nei dizze earste Alvestêdetocht tige entûsjast wurden en ek de polityk seach it as in kâns om Fryslân op de kaart te setten. Der waard op in folgjende tocht hope mei ideeën om it te profesjonalisearjen foar in gruttere groep riders.