1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Alle edysjes fan de Alvestêdetocht
1909
1912
1917
1929
1933
1940
1941
1942
1947
1954
1956
1963
1985
1986
1997
Swipe troch de edysjes en klik op ien foar mear ynfo
Home » Histoarje » Tocht fan 1942

Tocht fan 1942

Foar it tredde jier op rige tiidens de besetting fan de Dútsers. Ekstreem kâld, soad befriezingsferskynsels by riders.

Foar it tredde jier op rige waard der yn 1942 in Alvestêdetocht riden. Nettsjinsteande de besetting fan de Dútsers stie der in rekôrtal dielnimmers oan de start, wêrfan't 95% de finisj helje koe. De Dútsers toanden belangstelling foar de tocht en wiene sels tige ynnommen mei de sportive stimming yn Fryslân. De winner fan de foarige twa edysjes, Aukje Adema, koe net oan de start ferskine troch in boarstûntstekking.

De wedstriid

Yn de froastkjeld waard nei in lette start om 06.00 oere troch de wedstriidriders sûnder problemen Snits helle. Flak nei Drylts makke in groep reedriders in grutte flater troch op de Wijde Wymerts rjochtsôf te slaan. Yn heech tempo giene hja rjochting Boalsert. Fuort by de stêd kamen se achter har fersin en kearden se wer om. De groep wie dêrtroch kânsleas foar de einoerwinning.

Yn Sleat waard de kopgroep oanfierd troch Sietse de Groot, Jan van der Bij en Abe de Vries. Ek sy ferspilen tiid troch fan de rûte ôf te wiken. Douwe Leijenaar profitearre hjirfan. Starum, Hylpen en Warkum seagen him as earste passearjen. De Groot en Van der Bij setten tegearre mei Pier Swierstra en Durk de Jong de efterfolging yn. Noch foar Boalsert waard Leijenaar ynrûn en ferwolkomme Boalsert de fiifkoppige groep as earste. Tusken Boalsert en Harns waard it tempo ferhege en heakke Leijenaar ôf. Yn Harns hie it fjouwertal in foarsprong fan 7 minuten. Oant en mei Dokkum rieden de fjouwer mei-inoar op. Flakby Bartlehiem kaam Swierstra te fal. De oare trije bleaune oant Ljouwert ta byinoar. Flak foar de Noorderbrug sette Sietse de Groot de einsprint yn en waard 9 sekonden foar Durk de Jong de winner fan dizze Alvestêdetocht. Van der Bij waard op 54 sekonden de nûmer trije.

By de froulju rieden lange tiid Sjoerdsje Faber en Wobkje Kooistra op kop. Antje Schaap waard úteinlik de earste frou dy't de finisj helle.

Soad befriezingsferskynsels

Nei de tocht krige it Ljouwerter Diaconessenziekenhuis in tastream fan slachtoffers troch de kjeld. In soad riders mei beferzen eagen, earen, teannen, hannen en sels geslachtsdielen. Soms moast der sels ta amputaasje fan teannen oergien wurde. Trije toerriders ferstoaren letter yn it sikehûs as gefolch fan harren beferzen letsel.

Elfstedentochten 1917-1947 (filme troch: Willy Mullens)
Elfstedentochten 1933, 1940, 1941, 1942 (makker: M. E. Hepkema)
Restopnames Elfstedentochten 1933, 1940, 1941, 1942 (makker: M. E. Hepkema)
Elfstedentocht 1942 (impresje troch Mr. M.E. Hepkema uit Leeuwarden)
Elfstedentocht in Sneek 1929-1997 (kompilaasje Pitrik)
Alle fideo's binne beskikber stelt troch it Fries Film Archief
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram