Troch it ûntbrekken fan goede, strange winters mei natueriis, komme hieltyd minder bern yn oanrekking mei it iis. Sy misse dêrmei de unike winterûnderfining fan frij bewege op it iis. En lykas mei safolle oare dingen, jildt ek hjir: jong leard is âld dien. Dêrom wolle wy as Alvestêdeferiening dêr graach feroaring yn bringe.
As belutsen organisaasje fine wy dat elk bern it rjocht hat om it reedriden te learen. Dêrom hawwe wy yn gearwurking mei Provinsje Fryslân, Sport Fryslân, Gewest Fryslân en de beide reedridskoallen fan Thialf en de Alvestêdehal de hannen gear slein om safolle mooglik bern it wille fan it reedriden belibje te litten.
Foar it earst yn de mear as hûndertjierrige skiednis fan it organisearre reedriden yn Fryslân, bine alle wichtige partijen harren krêften gear foar dit essinsjele projekt foar de reedriderssport.
Troch in bysûndere finansjele bydrage fan fjouwer jier troch Provinsje Fryslân, ús feriening en Gewest Fryslân, hawwe wy as gearwurkjende partners it skoalreedriden-programma "De 11StedenBattle" ûntwikkele. Hjirtroch is it net allinne betelber, mar slút it ek oan by de belevingswrâld fan bern út groep 5 o/m 8.
Wy leare de bern op in oantreklike wize de earste grûnslagen fan it reedriden en slute it programma ôf mei in echte, ynteraktive Alvestêdetocht. Sa belibje de bern op boartlike wize – mei de juste begelieding – it wille fan it reedriden. Dit jier is de Alvestêdebattle op 28 maart. Docht dyn skoalle ek mei? Sjoch foar mear ynformaasje op elfstedentocht.frl ûnder it kopke skoalreedriden.
- Elfstedenbattle 2024
- Elfstedenbattle 2024
- Elfstedenbattle 2024
- Elfstedenbattle
- Elfstedenbattle
- Elfstedenbattle