Route
Reedriderstocht lâns 11 stêden yn Fryslân
De Alvestêdetocht giet oer in trajekt fan omtrint 200 kilometer troch de provinsje. De Fryske haadstêd, Ljouwert, is it start- en finishplak. De tocht fiert de dielnimmers fan Ljouwert út nei efterinoar de stêden Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum en oer de Bonkefeart wer werom nei de finish yn Ljouwert.
Troch it prachtige Fryske lânskip
De rûte fiert troch in prachtich lânskip en fansels lâns en troch de 11 Fryske stêden. En ûnder oare oer de Fryske marren. De Alvestêderûte jout net allinne in sportive útdaging, mar ek in kâns om de rike kultuer en skiednis fan Fryslân te ûnderfinen. De reedriders geane oer marren, sleaten, puollers en greiden. De reedriders klune op guon plakken dêr't it iis ûnbegeanber is ûnder de brêgen troch, omdat hjir it iis faak ek tinner is.