Praktyske ynformaasje
Oer dielname oan de tocht
Húsfêsting
De dielnimmers oan in tocht binne sels ferantwurdlik foar it finen fan in sliepplak yn of by Ljouwert by in tocht.
Ynskriuwe
Alle leden dy't dielnimme meie oan de Alvestêdetocht skriuwe harren de dei foar de tocht yn. De ynskriuwing hat plak yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Jo krije ynformaasje oer jo tiid fan ynskriuwen. Jo moatte jo by de ynskriuwing identifisearje troch in jildich legitimaasjebewiis en jo lidmaatskipskaart. Sadree't de Alvestêdetocht oankundige wurdt, kinne jo fia de Login foar Leden jo ynskriuwjild fia IDEAL betelje. Jo krije by de ynskriuwing in bantsje om jo pols, as bewiis dat jo jo ynskreaun hawwe. Dit bantsje tegearre mei jo stimpelkaart jout jo de dei fan'e tocht tagong ta de startkoaien. Krekt as de stimpelkaart is dit bantsje net oerdraachber!
Tarieding
Stel: it is safier, it is tiid foar de 16e Alvestêdetocht en jo steane op it punt om mei te dwaan oan de tocht. Fansels binne jo goed taret op dizze fantastyske, mar ek fisyk tige swiere tocht. Dochs wolle wy jo graach noch efkes op de neikommende punten wize:
- Blieren kinne jo foarkomme troch gebrûk te meitsjen fan goed passende redens en sokken sûnder naden. By alle Earstehelpposten lâns de rûte kinne jo jo behannelje litte by blierfoarming. Fansels kinne jo ûngemak altyd mar it bêste foar wêze. It is goed om yn it foar jo hakken ôf te plakken mei sporttape of second skin. By de EHBU-posten is de second skin beheind en wurdt benammen wurke mei sporttape. It advys is dan ek om sels second skin mei te nimmen;
- Underklean kinne it bêste opboud wurde en droegen yn ferskillende lagen. Op de hûd in tinne laach dy't derfoar soarget dat it swit ôffierd wurdt. Hjirtroch bliuwt de hûd drûch. Wannear't de hûd drûch is, krije jo it minder gau kâld. In earste laach fan it materiaal polipropyleen (lykas yn in soad termosûnderklean brûkt wurdt) is oan te rieden. De folgjende lagen binne benammen bedoeld om it swit ôf te fieren, mar miskien noch wol mear om by de sporter wat waarmte fêsthâlde te litten. By kjeld is it dan ek ferstânich om op syn minst twa oant trije lagen ûnderklean te dragen. By net al te folle kjeld meardere tinne lagen en by ekstreme kjeld meardere dikke lagen ûnderklean. Klean fan katoen kinne goed brûkt wurde foar dy folgjende lagen klean;
- Boppeklean moatte azemje, focht ôfstjitte en net benaud oanfiele. Fierder is it winsklik dat it materiaal licht fan gewicht is. In goed jak is meastal opboud út trije lagen: in laach dy't wetterdamp fan binnenút trochjout, in laach dy't de lichemstemperatuer op it winske nivo hâlde kin en in laach dy't it focht bûtenôf net trochlit en de wyn brekt of sels tsjinhâldt.
Noch inkelde tips:
- Neopreen oerskuon binne ûnmisber by kjeld en/of wiet iis. By ekstreme kjeld kinne jo gebrûk meitsje fan luchtfoly bygelyks bubbeltsjesplastic;
- Draach moffen en eventueel ûnderwanten;
- In helm is ferplichte en kin slim harsenletsel foarkomme by in fal op de holle;
- By hurde wyn is de gefoelstemperatuer faak flink leger as dy yn werklikheid is (windchill-faktor). Tink dêrom by ekstra kâlde en hurde wyn foaral oan wyntichte klean, bivakmûtse, fentilearjende skybril (sjoch ek ûnder it kopke befriezing). Dêrneist is it tige ferstânich om by kâlde wyn jo gesicht en fitale lichemsdielen as beskerming yn te smarren mei wetterfrije faseline;
- Iten en drinken. By it riden fan'e Alvestêdetocht ferbrûke jo fansels in hiel soad enerzjy. De bêste brânstof bestiet út koalhydraten. Dy sitte foaral yn bôle, ierappels, pûlfruchten, pasta, riis, griente, fruchtesop, mueslirepen en fruit. Neist in goede boaiem koalhydraten yn de foarm fan bygelyks in pastamiel twa oeren foar de start, is lykmjittich iten bliuwe en benammen drinke ûnder de tocht fan grut belang, by foarkar alle healoeren. Mij koalsoerhâldende dranken, nim bygelyks isotoane sportdranken. Nettsjinsteande by de rûte in soad (net troch de organisaasje organisearre) mooglikheden binne om te iten en te drinken, advisearje wy jo om goed genôch iten en drinken mei te nimmen;
- By fûle kâlde en hurde wyn is it fan belang josels en oaren te kontrolearjen op mooglike befriezingsferskynsels fan eagen, noas en earen of teannen. Tink dêrby om blauwige wite of reade kleur fan'e eagen, in hurd, gefoelleas of iiskâld gefoel (bewege wurdt pynlik) yn bygelyks de teannen en blierfoarming. As jo by josels of by meiriders fernimme dat sy bleekgriis binne, huverich en betize, agressyf, oerdreaun of ûnferskillich oerkomme advisearje se dan om in EHBU-post op te sykjen of gean der sels hinne. Beferzen lichemsdielen moatte jo foaral nea waarm wriuwe en net boppe de kachel ferwaarmje. Wol ferwaarmje jo dizze mei waarmlauwe kompressen of lij waarm wetter, leafst 20 oant 30 minuten;
- In goede sport-/sniebril is ûnmisber, foaral as beskerming fan jo eagen. Befriezing fan it each is te werkennen oan wazich sjen, of by oare riders oan blau-eftige, wite of reade eagen. Wichtich is it om de eagen te beskermjen mei in fentilearjende skybril. By it brûken fan in skybril mei donkere sinnekearende glêzen wurdt advisearre om ek in beskermjende bril mei te nimmen mei heldere glêzen om yn it tsjuster ek noch goed sicht te hâlden. By ôfnimmend gesichtsfermogen wurde jo driuwend advisearre om jo te melden by in EHBU-post.
Troch it iis sakje. De Alvestêdetocht wurdt allinnich riden nei wiidweidige mjittingen fan de dikte en sterkte fan it iis oer de hiele rûte. Mochten jo dochs troch it iis sakje, doch dan it folgjende: besykje de râne fan it wek stikken te meitsjen yn de rjochting fan de wâlkant. As it iis net mear ôfbrekt, gean dan mei de rêch tsjin de iisrâne oan lizzen, set mei de fuotten ôf op de tsjinoerlizzende iisrâne en sko sa it iis op. Bliuw lizzen en lûk josels lizzend nei de kant. Reitsje jo ûnder it iis, let dan op it kleurferskil: leit der snie op it iis, sykje dan nei it lichte plak; is it iis skjin, sykje dan nei it tsjustere plak.
Utsluting fan oanspraaklikens
Eltse dielnimmer rydt op eigen risiko. De feriening oanfurdiget gjin inkelde oanspraaklikheid foar ûngemakken dy't de dielnimmer foarôfgeand, ûnder of nei ôfrin fan de Alvestêdetocht oerkomme. Hjirûnder wurdt begrepen ferstjerren en elke foarm fan lichaamlik of geastlik letsel. De feriening oanfurdiget gjin inkelde oanspraaklikheid foar skea oan, of fermissing en stellerij fan guod dat de dielnimmer foarôfgeand oan, tidens of nei ôfrin fan de wedstriid yn syn besit hat.
Stimpelkaarten
Jo kinne allinnich meidwaan oan in Alvestêdetocht as jo lid binne en in stimpelkaart hawwe. Stimpelkaarten binne net oerdraachber, ek net oan famyljeleden. By de ynskriuwing wurdt dêr goed op kontrolearre. By de start, de oare deis, wurde jo nochris kontrolearre. Soargje jo derfoar dat jo op jo eigen kaart ride, dat komt ferfelende en teloarstellende situaasjes foar by de ynskriuwing en by de start.
Om't de feriening yn iiswinters konfrontearre wurdt mei stimpelkaarten dy't op ynternet (al of net tsjin betelling) oanbean wurde, hat it bestjoer sanksjes opsteld foar it oerdragen of ferkeapjen fan stimpelkaarten. De Alvestêdetocht is der foar de reedriders, it publyk en alle oare belangstellenden, mar net foar harren dy't der in finansjeel foardiel út helje wolle. Dêrneist fynt it bestjoer it net akseptabel dat jo, as jo net lid binne, wol besykje mei te dwaan oan in tocht. De sanksjes:
- Leden mei stimpelkaart dy't harren stimpelkaart fergees oanbiede: de stimpelkaart fan it oanbelangjende lid wurdt it oangeande seizoen ûnjildich.
- De groep neamd ûnder 1, mar dy't dêrfoar in fergoeding freget: it lid wurdt per direkt royearre en kin dus net mear lid wêze en wer lid wurde fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden.
- Leden sûnder stimpelkaart, dy't it fersyk yntsjinje foar it ferkrijen fan in stimpelkaart: as de belutsene beskikking krijt oer in stimpelkaart, sil dy net meidwaan kinne oan de tocht en sels it risiko drage oer eventuele diene betellingen oan wa dan ek. Om de kontrôle by de ynskriuwing en ôfmelding fuort te sterkjen wurdt tenei kontrolearre op leeftyd en wurdt by de ynskriuwing en ôfmelding frege nei in jildich identiteitsbewiis (rydbewiis, paspoart, of identiteitskaart).
De feriening is him der fan bewust dat in ferskerpe kontrôle by de ynskriuwing en ôfmelding foar de measte leden net nedich is, mar ek hjir jildt wer de ferfelende situaasje dat in hiel lytse groep dit soarte fan ekstra regels feroarsaket. Foar de feriening stiet foarop dat alle belangen fan de leden op in goede wize behertige wurde en de moaiste reedrydtocht beskikber bliuwt foar de leden.
Swartriders
Allinnich de leden fan de feriening meie meidwaan oan in Alvestêdetocht. Alles by de rûte del is ynrjochte op it tal dielnimmers: EHBU, stimpelposten, kalamiteiteferfier, ensafuorthinne. Mochten der mear minsken de Alvestêdetocht ride, dan soarget dit foar gefaarlike en net-winske situaasjes.
It bestjoer begrypt dat elkenien graach de Alvestêdetocht ride wol, mar út eachpunt fan feiligens is dielname allinnich foarbehâlden oan de leden. De feriening treedt dan ek hurd op tsjin swartriders. Alle dielnimmers ûntfange by de start in heske dat sy drage moatte. Swartriders hawwe logyskerwiis dat heske net en binne dus werkenber ûnder de tocht, net allinnich foar de organisaasje, mar ek foar de net-swartriders en it publyk. De feriening freget dêrby ek de reedridende leden de minsken sûnder heske (dus de swartriders) te wizen op it feit dat sy mooglik gefaarlike situaasjes feroarsaakje.