Lidmaatskip
Lede- en startbelied
Alle leden fan de feriening meie by in Alvestêdetocht starte. It bestjoer hat it belied op dit ûnderwerp yn de winter mei yngong fan winter 2015/2016 wizige. Fan dat momint ôf kin elkenien dy’t lid wie op 1 juny 2014 starte by de earstfolgjende Alvestêdetocht. Nije oanmeldingen wurde op in wachtlist pleatst en streame yn, yn iepenfallende plakken yn it ledebestân.
Oant de winter fan 2015-2016 wie it noch sa dat allinne de leden mei startrjocht altyd starte mochten en de leden mei in startkâns allinne yn in lyk of net lyk jier. Mei it nije belied is it ferskil tusken leden mei startkâns en leden mei startrjocht ferfallen en kin elk lid meidwaan.
Yn de jierren foar 2015 is it bestjoer geregeldwei befrege op syn leden- en startbelied. Mei namme de ûnwissigens by de groep startkânsers, dy’t dus keppele wiene oan in lyk of net lyk jier, wie grut. It útgongspunt dêrby wie altyd it bestjoersbeslút út 1997, dat it leden- en startbelied nei de earstfolgjende Alvestêdetocht op 'e nij besjoen wurde soe. It bestjoer hat lykwols yn 2015 besletten dat belied op 'e nij ûnder de loep te nimmen, de saken goed ôf te weagjen en te besprekken mei ferskate partners. It bestjoer hat yn de Algemiene Ledegearkomste yn desimber 2014 de leden foarlein om de mooglikheid om alle leden starte te litte fierder te ûndersykjen. De leden stimden unanym foar dit útstel.
Der wiene in tal oerwagings wêrom’t it bestjoer fan miening is dat in wizige belied mooglik wie:
- De komst fan de nije iishal yn Ljouwert by it WTC, dêr’t fan 2015 ôf de mooglike yn- en útskriuwing fan de dielnimmers plakhat. Dit soarget foar frijwat minder logistyke problemen as by de yn- en útskriuwing op de eardere lokaasje (fleanbasis Ljouwert).
- De ûnderfinings by oare tochten de ôfrûne jierren mei mear as 50.000 dielnimmers oer 15 sintimeter iis en de ferlikingsmooglikheden mei ús situaasje.
- De kennis oer de draachkrêft fan goed iis is ferbettere.
- In ynskriuwing dy’t omtrint wetterticht is en gebrûk fan in oar syn startkaart omtrint útslút.
- Gebrûk fan werkenningsmiddels (û.o. hesjes), wêrtroch’t swartriders fuortendaliks werkenber binne en dêrmei yngripen troch ús organisaasje mooglik makket (njonken de sosjale kontrôle), wêrtroch’t it tal swartriders sterk werombrocht wurdt.
Dêrnjonken binne der in tal wizigingen troch te fieren dy’t in oanpast leden- en startbelied mooglik meitsje:
- In wizige startproseduere:
- mear groepen;
- in skoft, nei de earste helte fan de startgroepen om de sprieding fan dielnimmers te befoarderjen;
- it justjes oanpassen fan de starttiden, sûnder grutte gefolgen.
- Alternatyf by start oan Zwettehaven troch eventueel ekstra pontonbrêge oer it Van Harinxmakanaal, ôfhinklik fan iiskondysjes.
- Wizige stimpelprosessen by de stimpelposten troch bygelyks feroare opstellingen en meardere stimpelposten op it iis en, yn kombinaasje mei klúnplekken, op de wâl del te setten.
- Routeoanpassingen troch alternative rûtes te preparearjen, dêr’t dat fanneden is.
De feriening hat op dit stuit likernôch 32.800 leden.
Opsizze fan it lidmaatskip
Jo kinne it lidmaatskip allinne skriftlik opsizze. Stjoer dêrfoar in brief of in e-mail mei dêryn jo namme, adres en jo lidnûmer nei de feriening. De adresgegevens fine jo ûnder oan de webside. It opsizzen moatte jo twa moanne foar de jierlikse inning fan de kontribúsje oan ús troch jaan; dus foar 1 augustus.