Lid wurde
Algemiene ynformaasje
Elkenien fan 16 jier * en âlder dy't goed ride kin en fan wa't ferwachte wurde mei dat hy of sy de tocht echt folbringt, kin lid wurde fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. De reedrydwaliteiten fan it kandidaat-lid moatte troch twa leden fan de feriening yn in reedrydfeardigensferklearring ûnderskreaun wurde.
*) Foar 16- en 17 jierrigen jildt dat sy njonken de reedrydferklearring in hantekening fan harren wetlik fertsjintwurdigers nedich hawwe op it oanmeldformulier.
Sûnt de winter 2015/2016 meie alle ridende leden by in Alvestêdetocht starte. Eartiids koene allinnich leden mei startrjocht by elke Alvestêdetocht starte en hiene leden mei in startkâns allinnich yn in lyk of net lyk jier dy mooglikheid. Yn it nije ledebelied is it ferskil tusken leden mei startrjocht en startkâns ferdwûn. Elk fan de 30.500 leden dy't op 1 juny 2014 ynskreaun stie as ridend lid kin meiride yn de earstfolgjende Alvestêdetocht. Dit hat as konsekwinsje dat nije leden op in wachtlist pleatst wurde. Jo kinne jo it hiele jier troch oanmelde fia bygeand formulier. Jo oanmelding wurdt op folchoarder fan binnenkomst ynskreaun. Alle jierren bepaalt it tal opsizzingen hoefolle leden fan de wachtlist ridend lid wurde. Yn de Alvestêdebrief (dy't alle jierren útkomt yn novimber) fermelde wy hoefolle ridende leden opsein hawwe en hoefolle leden der dus trochskowe.
Oanmeldformulier
Klik hjir om it oanmeldformulier te downloaden.
Yn de pdf steane de folgjende dokuminten:
- wolkomstbrief;
- oanmeldformulier;
- reedrydfeardigensferklearring;
- trochrinnende SEPA machtiging (automatyske ynkasso);
- tastimmingsformulier jeugdleden (16- en 17-jierrigen).
Jo kinne de formulieren útprintsje, ynfolje en mei de post ferstjoere oan: Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden, Postbus 569, 8901 BJ Ljouwert.
By it ûntbrekken fan ien fan neamde dokuminten wurde jo net ynskreaun. Fansels stelle wy jo dêrfan op 'e hichte en wurde jo dochs noch yn'e gelegenheid steld om de ûntbrekkende stikken nei ús ta te stjoeren. Hawwe jo fierder noch fragen oer it lidmaatskip of de oanmeldproseduere, dan kinne jo in mail stjoere nei info@defriescheelfsteden.nl ûnder fermelding fan 'oanmelding lidmaatskip'.
Reedrydfeardigensferklearring
Download hjir de reedrydfeardigensferklearring as apart pdf-dokumint.
Kontribúsje
De kontribúsje wurdt jierliks yn oktober ynbard. De kontribúsje is:
- Foar ridende leden: € 12,50
- Foar leden op wachtlist: € 6,00
- Foar net-ridende leden: € 6,00
- Nije leden betelje foar ien kear administraasjekosten: € 11,35.