Kommersje
De tocht wurdt sûnder sponsoaren en folslein troch frijwilligers organisearre.
De Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden organisearret de Alvestêdetocht sûnder sponsoaren of kommersjele aktiviteiten. De tocht wurdt folslein troch frijwilligers organisearre en is in unyk barren yn Fryslân en Nederlân. It entûsjasme fan alle frijwilligers en de ûntspannen sfear hat dêr in grut oandiel yn. Troch de kommersje bûten de doar te hâlden wol de feriening dat sa hâlde.
Wol kin de de feriening beslute oanbeane help, tsjinst en of materialen dy ta goede komme oan de dielnimmers of de organisaasje oan te nimmen. De feriening stelt dêrby lykwols wol in oantal betingsten:
- it oanbod wurdt net dien út kommersjeel eachpunt, de oanbieder behellet gjin drekt saaklik gewin út it oanbieden fan de produkten, help of tsjinsten;
- de rezjy en it beslút om al of net fan it oanbod gebrûk te meitsjen berêst by de feriening;
- de bydragen moatte in sinfolle tafoeging wêze oan de organisaasje;
- it oanbeane mei net de yndruk wekke dat it ûnderdiel is fan de feriening of de organisaasje;
- it brûken fan it byldmerk fan de feriening is net tastien;
- de feriening makket gjin melding fan de oanbeane help;
- der wurdt gjin eksklusyf rjocht ferliend;
- it oanbeane moat in meerwaarde hawwe foar dielnimmers;
- ien en oar moat altyd yn oerlis plakhawwemei de feriening en eventueel mei it oangeande rayonhaad.
Gjin kommersjele uteringen op 'hotspots'
De feriening soarget derfoar dat der op wichtige punten (saneamde ‘hotspots’) spesjale Alvestêdedoeken hingje. Dit om kommersjele uteringen op dizze lokaasjes foar te kommen. Op it iis wurde allinne talitten:
- dielnimmers oan de tocht en wedstryd;
- in tal meiwurkers fan de feriening;
- in tal media dy dêrfoar útdruklik tastimming krigen hawwe fan de feriening.
Misbrûk namme en byldmerk ferbean
De feriening stiet net ta dat hokker organisaasje, bedriuw of ynstânsje dan ek yn uteringen de suggestje wekt dat de organisaasje of it produkt op hokker wize dan ek oan de Alvestêdetocht of de organisaasje dêrfan liearre is. It gebrûk fan de namme en it byldmerk fan de Koninklijke Vereniging De Elf Steden (krúske) is strang ferbean. Wolle jo mear witte oer it belied fan de feriening op it gebiet fan kommersje oft it gebrûk fan it krúske, dan kinne jo kontakt opnimme mei de feriening.