Op 6 oktober kamen de rayonhaden en bestjoersleden wer byinoar foar de jierlikse rayonhadengearkomste — de tradisjonele oftraap fan it winterseizoen.
Waarman Jan Jonkman wie dit jier oanwêzich as gast en foarsitter Wiebe Wieling, dy’t yn desimber ôfskie nimt, seach werom op de ôfrûne 20 jier. Hy beklamme nochris hoe wichtich de rayonhaden binne foar de feriening: “Sy witte krekt wat der spilet yn harren rayon.”
Mei in goede sfear en in blik op de kommende winter is it seizoen no offisjeel fan start gien!