Histoarje
Tragyk en triomf yn in dei fongen
As wy weromsjogge yn de skiednis waarden der al lang foar de earste offisjele Alvestêdetocht ferskate tochten opset. Allegearre op inisjatyf fan riders en net offisjeel. It wie Pim Mulier dy't in oprop die by it Frysk IIsbûn om in earste organisearre tocht út te skriuwen. Op in gearkomste fan De Friesche IJsbond op 18 desimber 1908 waard it punt fan Mulier ynbrocht om de Alvestêdetocht te organisearjen. Mei wat diskusje waard dit idee omearme en waard besletten om de earste tocht te organisearjen.
Oprjochting fan de feriening
Nei de Alvestêdetocht yn 1909 wie der in soad diskusje oer de kwestje wedstriid of prestaasjetocht. De Friesche IJsbond wie fan betinken dat de tocht allinnich in prestaasjetocht wêze moast, sûnder wedstriid. Under oare Mulier en Hepkema woene beide farianten. Op 15 jannewaris 1909 wie ûnder lieding fan Hepkema de oprjochting fan Vereniging De Friesche Elfstedentocht in feit. Hepkema organisearre út syn bestjoerdersrol wei acht edysjes fan de Alvestêdetocht. Pim Mulier ûntwurp it Alvestêdekrúske sa't we dat no noch kenne.
De rûte
De Alvestêdetocht bringt de dielnimmers lâns de alve stêden dy't ea stedsrjochten ûntfongen hawwe. De start en finisj fan de tocht op redens is yn Ljouwert. De earste fjouwer tochten en de tocht fan 1941 waarden yn de tsjinstelde rjochting riden. Fan Ljouwert earst nei Dokkum. Alle oare 10 edysjes waarden riden fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en fan Dokkum ôf wer werom nei Ljouwert.
Froulju yn de wedstryd
Yn 1985 koene der foar it earst froulju oan de wedstryd meidwaan. Yn dat jier wie de earst oankommende frou Lenie van der Hoorn–Langelaan (07.33), yn 1986 Tineke Dijkshoorn–Olsthoorn (07.55), yn 1997 Klasina Seinstra (07.49) Fan de folgjende tocht ôf is der in aparte wedstryd foar froulju. Der komt dan ek foar it earst offisjeel in winneres.

Lenie van der Hoorn mei har man, fuortendaliks nei de finish
Fyftjin edysjes
Fan 1909 ôf hawwe der by-inoar 15 edysjes fan de Alvestêdetocht west. Dêr't yn totaal 4.787 wedstriiddielnimmers úteinset binne en 78.576 toerriders. Yn de tocht fan 1963, de Hel fan’63, helle mar 0,7%, dat binne 127 reedriders, de finisj. Coen de Koning, Auke Adema en Evert van Benthem wisten de tocht twa kear te winnen. De rapste tiid ea ried Van Benthem yn 1985. Yn seis oeren en 47 minuten wist er de tocht te folbringen. It wachtsjen is no op de 16e edysje!
Winnaars
Datum | Dielnimmer | Wenplak | Tiid |
sneon 2 januari 1909 | M. Hoekstra | Warga | 13.50 |
woansdei 7 februari 1912 | C.C.J. de Koning | Arnhem | 11.40 |
sneon 27 januari 1917 | C.C.J. de Koning | Arnhem | 9.53 |
tiisdei 12 februari 1929 | K. Leemburg | Leeuwarden | 11.09 |
sneon 16 december 1933 | A. de Vries S. Castelein | Dronrijp Wartena | 9.05 |
tiisdei 30 januari 1940 | P. Keizer A. Adema C. Jongert D. van der Duim S. Westra | De Lier Franeker Alkmaar Warga Warmenhuizen | 11.30 |
tongersdei 6 februari 1941 | A. Adema | Franeker | 9.19 |
tongersdei 22 januari 1942 | S. de Groot | Weidum | 8.44 |
sneon 8 februari 1947 | J. van der Hoorn | Ter Aar | 10.51 |
woansdei 3 februari 1954 | J. van den Berg | Nijbeets | 7.35 |
tiisdei 14 februari 1956 | Geen prijs uitgereikt | - | |
freed 18 januari 1963 | R. Paping | Ommen | 10.59 |
tongersdei 21 februari 1985 | E. van Benthem | St. Jansklooster | 6.47 |
woansdei 26 februari 1986 | E. van Benthem | St. Jansklooster | 6.55 |
sneon 4 januari 1997 | H. Angenent | Alphen a/d Rijn | 6.49 |