Us foarsitter Wiebe Wieling hat dit jier it Grut Frysk Diktee skreaun. Op 8 april giene tweintich dielnimmers dy't har op persoanlike titel kwalifisearre hiene, oan 'e slach mei it diktee. Dêrneist wiene der fiif teams dy't ûnderling de striid oangiene. De teams fan dit jier bestiene út Bekende Friezen, eksamenkandidaten Frysk fan it CSG Bogerman yn Snits, Natuerminsken, dweilorkest De Hegemer Dekdweilers en “ús” rayonhaaden.
It team fan de rayonhaaden bestie út: Cor Schotanus, Bram de Vries, Klaas Abma, Harrie Siegersma, Alco de Jong en Nynke Eerligh.
It Grut Frysk Diktee waard wûn troch Rikele Hollema út Earnewâld. Hy hie mar fjouwer flaters.
By de teams wiene de Natuerminsken de winners, folge troch it dweilorkest De Hegemer Dekdweilers. De rayonhaaden hellen in dik fertsjinne tredde plak!
Jo kinne hjir it hiele diktee weromlêze en fia dizze link de registraasje fan Omrop Fryslân weromsjen.

© Foto's: Hoge Noorden / Jacob van Essen