Home » De Tocht

De Tocht

Wedstriid én toertocht op redens lâns de 11 stêden fan Fryslân

De Elfstedentocht op redens is de earste en dêrmei de âldste tocht lâns de alve stêden fan Fryslân. Oant hjoed de dei binne der fyftjin organisearre, de lêste wie yn 1997. Elk jier wurdt de tocht troch it bestjoer en oare meiwurkers (op papier) organisearre. De werklikheid fan de útfiering is ôfhinklik fan it waar.

In tocht fan 200km op redens

It feit dat de tocht net elk jier organisearre wurde kin omdat der in strenge winter nedich is, hat sûnder twifel bydroegen oan de kultstatus fan dizze tocht. Dêrneist is it reedriden fan mear as 200 kilometer troch it Friese lânskip, letterlik troch waer en wyn, heroïsk te neammen. Of it no is as dielnimmer is oan de wedstriid of oan de toertocht, it is admiraasjewurdich at je de tocht folbringe!

Route Alvestêdetocht

Klik op ien fan de Alve stêden foar mear ynformaasje
Provinsje Fryslân
Logyn leden
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram