De Feriening
It organisearjen fan de Elfstedentocht
De Keninklike Feriening De Fryske Elf Steden hat as doel it befoarderjen fan reedriden en it organisearjen fan de Elfstedentocht op redens yn it bysûnder, as it mooglik is jierliks.
De Feriening bestiet út in bestjoer fan 9 persoanen en hat mear as 32.000 leden. Elk jier organisearret it bestjoer, yn gearwurking mei de rayonhaden, assistint-rayonhaden en in protte frijwilligers, de Elfstedentocht. Oft de tocht úteinlik wol of net riden wurde kin is ôfhinklik fan it waar. Foar in Elfstedentocht is in iisflier fan 15 sintimeter oer de hiele rûte nedich.
De leden fan de Feriening komme elk jier by inoar op de twadde sneon fan desimber foar de Algemiene Leden gearkomst.
Rol fan de Feriening
De Keninklike Feriening de Fryske Elf Steden is ferantwurdlik foar en organisearret mei har meiwurkers de Elfstedentocht. Hoe't it ek wêze mei, by sa'n tocht komt mear sjen as allinne dat wat op it iis plakfynt. Tink allinnich mar oan de tûzenen besikers dy't nei Fryslân komme tidens in tocht. De Feiligensregio Fryslân (it gearwurkingsferbân fan ûnder oaren de brânwacht en GGD) is tegearre mei oare helptsjinsten, ferfiersorganisaasjes, Rykswettersteat en gemeenten ferantwurdlik foar alles wat net op it iis plakfynt. Tink dan bygelyks oan it ferfier fan de besikers en it yn goede banen liede fan it publyk yn de stêden.
De Feriening is ferantwurdlik foar alles op it iis bart en alles wat betrekking hat op de dielnimmers oan de tocht. Op dy manier binne de taken goed ferdield. Natuerlik wurkje wy as Feriening tegearre gear mei ús partners om in moaie en ûnferjitlike Elfstedentocht te organisearjen.